Filters

Resultaten voor 'charles dickens'

2 resultaten
  1. Yn de tiid fan de guillotine
    1. Charles Dickens

    Yn de tiid fan de guillotine

    De roman Yn de tiid fan de guillotine spilet yn Londen en Parys, likernôch tusken 1775 en de earste bluodderige jierren fan de Frânse revolúsje. It begjint yn 1775, as dokter Alexandre Manette nei 18 jier opsluting sûnder foarm fan proses frijlitten wurdt út de beruchte Bastille. Hij wist fan misdieden fan de aadlike bruorren Evrémonde, dy’t him om dy reden dêr fêstsetten hienen. De bankier Jarvis Lorry reizget mei Lucie, dochter fan Manette, nei Parys om him op te heljen, út in ûnderkommen dat Defarge, eardere feint fan Manette, him bean hie. Dokter Manette, nei 18 jier suver syn ferstân ferlern hawwend, knapt stadichoan op en begjint in praktyk yn Londen. Yn 1780 wurdt Charles Darnay, omkesizzer fan ien fan dy aadlike bruorren, yn Londen frijsprutsen fan spionaazje foar Frankryk. Hij wie út wjersin foar syn famylje útwykt nei Londen en hie in oare namme oannommen. Hij wurdt frijsprutsen fanwege syn sterke gelikenis mei ien fan syn advokaten, Sydney Carton, wat de beskuldiging ûnderút hellet fan de twa oankleiers dat se Darnay oeral herkenne soenen. Carton wurdt fereale op Lucie, mar Lucie trout leaver mei Darnay, dy’t úteinlik oan har heit opbychtsje moat dat er in Evrémonde is. Carton, ôfwiisd troch Lucie, is in losbandich libjend persoan, fynt gjin doel yn syn libben, mar hat en hâldt in djippe ferearing foar har, en sil letter in krusiale rol spylje yn it libben fan har en har man Darnay, alias Evrémonde. Yn 1789 helpt Defarge bij it bestoarmjen fan de Bastille, siket de eardere sel fan dokter Manette op, en fynt dêr yn in geheim skûlplak in ferslach út 1785, dat Manette skreaun hie oer de earste tsien jier fan syn opsluting, en wêryn’t er fûl de Evrémondes ferflokt. Yn 1792 reizget Lorry nei Parys, om oarder op saken te stellen yn de Parise festiging fan syn bank. De man fan Lucie hat ûnderwilens in briif krigen, wêryn’t in earder personielslid fan syn omke him om help smeket: ek dy syn libben is yn gefaar. Darnay reizget Lorry achternei, heel ûnferstandich, want ek hij wurdt arresteard as aadlik persoan. Lucie, mei har heit en har dochterke, reizgje no ek nei Parys, en besykje om him frijsprutsen te krijen. Dokter Manette, as slachtoffer fan de misdieden fan aadlike hearen, hat in grut gesach, en sadwaande slagget it nei mear as in jier om Darnay frij te krijen, mar dy wurdt deselde deis opnij arresteard op grûn fan in beskuldiging fan de fanatike frou fan Defarge, dy’t baseard is op syn ferflokking fan de Evrémondes yn it hânskrift fan de heit fan Lucie sels, dat fûn wie yn syn eardere sel. Sa wurdt dokter Manette sels de oarsaak fan de kommende dea fan syn skoansoan ûnder de guillotine. Oan de ein fan dit spannende en magistrale boek lêze jo hoe’t ien en oar ôfrint.

    € 34,95
  2. David Copperfield
    1. Charles Dickens

    David Copperfield
    E-book

    DAVID COPPERFIELD (1850) is mij fan al myn boeken it dierberst, skreau Charles Dickens sels (1812-1870). Dat hat grif te krijen mei syn eigen bernetiid, doe’t er him, krekt as syn haadpersoan David, as lyts jonkje ferret fielde troch de folwoeksenen, dy’t him beskermje moasten, mar dat net dienen. David Copperfield is in typys boek út dy tiid, mei in bûnte samling persoanen. De strange ûngefoelige styfheit Murdstone, mar ek David syn ienfâldige bernefaam Peggotty, dy’t him har hiele libben trou bliuwt. De rike, flotte en yn it earste oankommen sympatike Steerforth, dy’t David as jongste learling op de kostskoalle ûnder syn hoede nimt, mar dy’t (wat David pas folle letter sjocht) folslein egosintrys is en oare minsken brûkt en misbrûkt. De eksintrike âldmuoike, juffer Betsey Trotwood, dy’t David letter ûnder har hoede nimt, sa’t sij ek ‘menear Dick’ ûnder har hoede nommen hat, en dêrmei rêdt fan opsluting yn it kranksinnigegesticht. Ien fan de grutste smychten fan de 19e ieu, de altyd ‘nederige’ Uriah Heep, dy fluenske fraudeur en oplichter. De meast útwrydske persoan is de deftich pratende healwize, mar toch sympatike Wilkins Micawber (baseard op Dickens syn eigen heit), de erflik yn skulden sittende, blykber foar neat dogende heit fan fjouwer bern, dy’t djip yn ’e lytse loege sittend altyd binnen de minút ien fan de meast optimistise minsken op ierde wurde kin – en oarsom. En dan de ‘lytse Em’ly’, ferlieden troch Steerforth, dy’t as ‘fallen frou’ de ferskoveling fan de mienskip wurdt, mar troch dy oare styfheit, de broer fan Peggotty, noait opjûn wurdt. En dy earme Dora, earste frou fan David, sa kreas, sa leaf, sa nayf en sa wrâldfrjemd. En fansels David Copperfield, as tsienjierrich jonkje de hurde wrâld ynskopt, dy’t út syn geastdeadzjend wurk fuortrint en te foet fan Londen nei Dover reizget, nei syn âldmuoike, om har beskerming te freegjen, mar dy’t ek in oare lange reis ôflizze moat om lang om let ta selskennis te kommen, om einliks te beseffen watfoar frou werklik al dy tiid echt fan him holden hat: de rêstige, serene en harsels weisiferjende Agnes. Dit bekendste boek fan de 19e ieu giet oer ferrie fan fertrouwen, it ûnthâlden fan leafde, it misbrûken fan macht oer swakkeren. Mar ek oer in sterkere macht, de macht fan suverens fan motiven en betingstloaze tawijing, tagedienens en leafde, sa’t wij dy sjogge yn de ûnferjitlike bernefaam Clara Peggotty, de âldmuoike Betsey Trotwood, de styfheit fan Em’ly, en David syn skoalkammeraat Tommy Traddles. En, yn de wurden fan Dickens sels: hoe kinne wij leare fan de earste ferkearde ynjouwingen fan ús ûnbelearde hart? In ûnferjitlik boek.

    € 14,95